Postma en Bos: winners

30 maaie 2008 - 22:39

Fokke Postma fan Drachtsterkompenije wûn freedtejûn it twadde kritearium fan de Pompeblêdtwadaagse. Op De Harkema wie Postma yn de einsprint rapper as Jan Bos fan Nijhoarne en Jord Veslinga fan Makkum. Dy trije man wiene yn de finale út in kopgroep fan njoggen man fuortriden.

Troch it twadde plak pakte Jan Bos de einoerwinning yn de twadaagse. In dei earder wie er njoggende wurden yn Gerkeskleaster. Syn ploechmaat Germ van der Burg hie mar ien punt minder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)