Mooglik aksjes op tankstasjons

30 maaie 2008 - 16:47

Der driigje aksjes by de tankstasjons. Wurkjouwer BOVAG wol it personiel op de tankstasjons net langer falle litte ûnder de CAO Motorvoertuigen. Dat betsjut gjin leansferheging fan 6,5 prosint krije, mar in legere. Ek in tal oare ferbetterings ferfalt.

Fakbûn FNV Bondgenoten hat al lulke reaksjes fan it personiel fan 'e tankstasjons krigen en wol no witte oft se ek ree binne om aksje te fieren. Dat sil it personiel frege wurde op in tal aksjebyienkomsten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)