Bûtenlânske gasten Doarpswurk

Ingwierrum waard ek besocht
Hoe meitsje je it libben yn in doarp oanloklik? Om in antwurd te krijen op dy fraach hat stichting Doarpswurk eksperts út it bûtenlân op besite. Ut lannen as IIslân, Portugal en Noarwegen. Want dêr spylje deselde problemen. Stichting Doarpswurk wie mei de bûtenlanners op besite yn ûnder oare Ingwierrum en Moddergat.
Mei de bûtenlânske doarpsbewenners waard praat oer saken as doarpshuzen, lytsskalich toerisme en it ûntwikkeljen fan doarpsfyzjes.