Molke supermerken rekket op

30 maaie 2008 - 16:09

It is net útsletten dat guon supermerken dit wykein sûnder farske suvelprodukten komme te sitten. Aksjefierende boeren blokkeare freed sûnt alve oere yn Nijkerk in grutte festiging fan Friesland Foods. Op dizze lokaasje wurde farske molkprodukten makke. Troch de blokkade kin net levere wurde oan de supermerken.

Yntusken binne der neffens Friesland Foods 263 molkfeehâlders dy't gjin molke mear oan it fabryk leverje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)