Protest DDB-boeren groeit

30 maaie 2008 - 15:03

Friesland Foods hoecht freed by 263 boeren de molke net op te heljen. De boeren hawwe it suvelkonsern witte litten mei te dwaan oan de aksje fan Dutch Dairymen Board (DDB).

De DDB freget omtinken foar de lege molkpriis troch syn leden op te roppen de molke net oan it fabryk te leverjen. Earder dizze wike dienen 43 boeren fan Friesland Foods mei oan de aksje. De boeren dy't freed leverje soene binne mei-inoar goed foar sa'n 430.000 kilo molke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)