Hamburger nei roeiherkânsing
Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap hat him freedtemoarn noch net pleatse kinnen foar de heale finale fan de wrâldbekerwedstriid yn it Switserke Luzern.
De 25-jierrige Hamburger einige as tredde yn syn searje. Hy krijt freedtemiddei op 'e nij de kâns him te pleatsen foar de folgjende ronde by de skiffeurs yn de Switserske stêd.