Schuil nei tredde ronde

© Omrop Fryslân
Beachvolleyballer Richard Schuil fan Ljouwert hat de tredde ronde helle fan de Dutch Masters. Yn Scheveningen wûn hy mei syn maat Reinder Nummerdor yn de twadde ronde fan de Poalen Fijalek en Prudel mei 21-15 en 21-18.
Yn de earste ronde hiene Schuil en Nummerdor it noch hiel dreech. Doe waard pas yn de beslissende tredde set mei 20-18 wûn fan de Denen Hoyer en Soderberg.