Grutte kâns Stroetinga op OS

30 maaie 2008 - 14:09

De kâns is grut dat baanhurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap nei de Olympyske Spelen giet. Dat seit bûnskoach Peter Pieters. Stroetinga is al opnaam yn de seleksje foar it ûnderdiel ploege-efterfolging, mar der moat noch ien ôffalle.

Neffens bûnskoach Pieters moat Stroetinga allinnich sjen litte, dat hy noch yn foarm is. Yn july makket Pieters bekend wa't definityf meigiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)