De Jonge nei 'oerlêst-âlders'

© Omrop Fryslân
De gemeente Hearrenfean komt mei in nije oanpak om de oerlêst fan jongeren yn de gemeente te bestriden. No't it praten mei de jongerein sels net helpt, sil boargemaster Peter de Jonge de âlden benaderje om har bern ta de oarder te roppen.
Ek wol de gemeente mei help fan organisaasjes as CWI en Maatskiplik Wurk de jongerein oan wurk of in skoaloplieding helpe. De hurde kearn fan jonge relskoppers bestiet út inkelde tsientallen jongeren.