Danny van Dijk nei Hark. Boys

30 maaie 2008 - 12:11

Sneonshaadklasser Harkemase Boys hat mei it oanlûken fan Danny van Dijk de seleksje foar it kommende fuotbalseizoen rûn. Van Dijk komt oer fan earste divyzjeklub Emmen, dêr't hy it ôfrûne seizoen 18 wedstriden spile.

By Emmen spile hy links yn de ferdigening. Harkemase Boys is dit seizoen kampioen wurden fan de earste klasse en wol him it kommende seizoen pleatse foar de nije topklasse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)