Undersyk nei Fryske rioelen

30 maaie 2008 - 12:08

Der komt in grut ûndersyk nei de Fryske rioelen. Dat hat de provinsje ôfpraat mei de stifting Rioned, in koepelorganisaasje fan oerheidsynstellingen en rioelearingsbedriuwen.

It dat is om út te sykjen oft der effisjinter wurke wurde kin. De provinsje wol graach dat alle gemeenten meidogge oan it ûndersyk. As it ûndersyk útwiist dat guon saken better regele wurde kinne, dan kinne de rioelrjochten faaks nei ûnderen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)