Jonge fytsedieven oppakt

De plysje hat sân jongeren út Ljouwert oppakt omdat se fertocht wurde fan fytsestellerij. Se binne tusken de 13 en 17 jier. De jongeren soene meast nije fytsen stellen ha mei falske kaaien. De plysje kaam se op it spoar, omdat der de lêste moannen opfallend faak oanjefte dien waard fan stellen fytsen. Meiïnoar mear as 400 kear.
Ferline wike waard boppedat ien fan de fertochten mei in stellen fyts betrape. Dêrnei koene ek oare fertochten oppakt wurde.