Seksje: man stoar natuerlik

30 maaie 2008 - 10:15

De plysje yn Ljouwert hat de ôfrûne dagen ûndersyk dien nei de dea fan in 65-jierrige man út de stêd. Syn stoflik omskot waard woansdei fûn yn syn hûs yn de wyk Bilgaard. Omdat de deadsoarsaak net dúdlik wie, waard der in rezjerzjeteam opset. Dat hat ûnder oare in buertûndersyk hâlden. Dit joech de nedige opskuor yn de wyk.

Tongersdei is der seksje dien en dêr hat út bliken dien dat de man in natuerlike dea stoarn is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)