Gjin wapenprobleem by plysje

29 maaie 2008 - 20:46

By de Fryske plysje rint net ien plysjeman mei in wapen op strjitte dat er net hawwe mei. Dat seit direkteur Gerard van Hoeven fan de plysje. Neffens him wurde yn Fryslân de regels strang neilibbe. Ut ûndersyk docht bliken dat der op oare plakken yn Nederlân wat minder goed op de regels letten wurdt.

Goed 600 plysjeminsken soene surveillearje mei in wapen, wylst dat net mei fan de wet. Bygelyks at se net slagge binne foar in sjittest.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)