Krúspunt Snits oanpakt

De ANWB sil it krúspunt no oanpakke
In krúspunt dat al jierren foar gefaarlike situaasjes soarget by twa basisskoallen yn Snits sil no oanpakt wurde troch de ANWB. It krúspunt tusken de Middelzeelaan en Griend wie opjûn foar de aksje "Kind Verkeersveilig". By dizze aksje koene bern en âlders gefaarlike ferkearssituaasjes by de ANWB melde.
In sjuery fan ferkearsdeskundigen hat foar alle provinsjes ien plak útsocht om oan te pakken. Foar Fryslân is dat it krúspunt yn Snits wurden.