Testspilers Cambuur fierder

© Omrop Fryslân
SC_Cambuur wol graach fierder mei in tal testspilers dy´t woansdei meispilen yn in oefenwedstriid. Keeper Robbert_te_Loeke (Werder_Bremen) makke in goeie yndruk en is kandidaat om Ale_Geert_de_Vries op te folgjen as twadde keeper. Ek ferdigener Sander_Fischer (NAC) die it bêst. John_van_Dalen en Omar_Boukhari wiene neffens trainer Jurrie_Koolhof net goed genôch. Jan_Smit en Pier_Tol, fan de amateurs fan Volendam, krije noch in twadde kâns.