Blauwe fonteinen by Lawei

29 maaie 2008 - 18:16

De fonteinen foar teater De Lawei yn Drachten binne tydlik blau kleure. Mei de blauwe fonteintsjes wol it teater omtinken freegje foar de dûnsfoarstelling Waterwall dy't dêr tusken 4 en 8 juny te sjen wêze sil. Mei dy foarstelling wurdt it teaterseizoen fan De Lawei ôfsletten. Wetter hat it hiele jier it tema west.

Yn de ôfslutende foarstelling Waterwall komt it wetter ek rom oan bar, want dan wurdt ûnder oaren 16 tûzen liter wetter brûkt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)