Hearrenfean wurket oan klimaat

© Omrop Fryslân
De gemeente Hearrenfean sil út_ein_sette mei de klimaatkampanje HIER. Dêrmei slute se har oan by de lanlike kampanje mei deselde namme. Mei de kampanje wol de gemeente enerzjy besparje en it gebrûk fan griene enerzjy stimulearje.
Mei in grutte publisiteitskampanje soene minsken oerhelle wurde moatte om bygelyks bettere isolaasje yn hûs oan te bringen en it ferminderjen fan bûtenferljochting.