Epke Zonderland nei Peking

Epke Zonderland giet nei de Spelen
Turner Epke_Zonderland fan De Lemmer giet definityf nei de Olympyske Spullen yn Peking. Tongersdei toande er op in wrâldbekerwedstriid yn Moskou foarmbehâld.
Op it rek behelle er in skoare fan 15.175. Om foarmbehâld te toanen wie in skoare fan 15.000 needsaaklik. It is foar it earst sûnt 1928 dat in manlike turner út Nederlân oan de Olympiade meidwaan sil. Troch in blessuere duorre it lang foar´t Zonderland him definityf pleatse koe.