21 nije wenten yn Warkum

© Omrop Fryslân
Oan it Noard yn Warkum wurde 21 apparteminten boud. Boubedriuw Bleeker hat dêrfoar in plan yntsjinne by de gemeente en dy wol der wol oan meiwurkje. Op dit stuit stean op it terrein leechsteande, ferpaupere gebouwen.
Om de bou fan de apparteminten mooglik te meitsjen, is frijstelling fan it bestimmingsplan nedich. Nijefurd wol meikoarten begjinne mei de proseduere dêrfoar.