NHL krijt Master Game Design

© Omrop Fryslân
De Noardlike Hegeskoalle NHL sil takom stúdzjejier út_ein_sette mei in masteroplieding game_design. De studinten leare dêr ynteraktive spultsjes te meitsjen. Ek moat der in Game Factory komme; in studio dêr´t studinten en âld-studinten oan it wurk kinne.
De NHL lûkt 3 miljoen euro út foar de ynvestearrings. De gameplannen waarden bekend makke op de manifestaasje Exposure 2008 fan de oplieding Communication en Multimedia Design.