Transportsektor yn problemen

Transport hat te lijen fan hege prizen
It Ryk moat de transportsektor yn de mjitte komme, oars kinne der hurde aksjes folgje. Dêrfoar warskôget de direkteur fan transportbedriuw Van der Wiel yn Drachten. De brânstofprizen gean de lêste tiid sa bot omheech dat foaral lytsere transportbedriuwen der troch yn ´e problemen komme.
Van_der_Wiel is wat grutter. It bedriuw tankt alle jierren 5 miljoen liter diseloalje. Omdat de prizen dit jier bot omheechgien binne, kostet dat it bedriuw 1,25 miljoen euro.