Snits rekkent op teaterjild

29 maaie 2008 - 11:01

De gemeente Snits ferwachtet dat Provinsjale Steaten wol twa miljoen euro subsydzje jaan wolle foar in nij teater yn ´e stêd. Woansdeitejûn gie in mearderheid yn in provinsjale steatekommisje foar de tredde kear net akkoart mei it subsydzjefoarstel fan deputearre De Vries.

De gemeente Snits rekkent derop dat mei in ferbettere ûnderbouwing de subsydzje der dochs komt. De bouplannen rinne foarearst gjin fertraging op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)