Ferwûne by kettingbotsing

© Omrop Fryslân
In 25-jierrige Snitser is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in kettingbotsing op de Aldlânsdyk yn Ljouwert. De man remme ôf omdat it ferkear foar him stilstie.
In 49-jierrige Gordykster seach dat te let en klapte op de Snitser. In bestelbuske achter de Gordykster klapte dêrnei op de trije auto´s foar him. De Snitser kaam dêrtroch fêst te sitten. De brânwacht moast him út ´e auto knippe. Hy is pine yn ´e nekke oerbrocht nei it sikehûs.