Frou oppakt foar mishanneling

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdeitejûn in 19-jierrige frou út Drachten oanhâlden om´t se in 24-jierrige frou, ek út Drachten, slein hawwe soe. In plysjeman ried oer it Van_Knobeldorfsplein, doe´t er seach dat de 19-jierrige frou de oare frou meardere kearen sloech.
Dy frou hie in berntsje op ´e earm. De frou dy´t sloech, is oanhâlden en sit fêst op it plysjeburo. Wêrom´t se de oare frou slein hat, is noch ûndúdlik.