Friezen ûntwerpe Ofslútdyk

29 maaie 2008 - 10:20

Bedriuwen lykas Boskalis, Arcadis en de Grontmij binne yn de race om in fernijde Ofslútdyk te meitsjen. Rykswettersteat en de provinsjes Fryslân en Noard-Hollân ha acht kombinaasjes fan bedriuwen talitten ta in saneamde 'marktverkenning'.

Der moat út in grut ferskaat oan plannen ien ûntwerp rôlje foar in ferhege Ofslútdyk. Ien kombinaasje fan Fryske bedriuwen docht mei; dat binne Oranjewoud BV en GD Arsjitekten út Burdaard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)