Pisfetisjisten foar rjochter

29 maaie 2008 - 10:00

De rjochtbank yn Ljouwert bûcht him tongersdei oer de strafsaak tsjin trije manlju dy´t alve jier lang pisjende froulju betaaste en begluorke hawwe soene. Dat soe dien wêze op doarpsfeesten op ferskate plakken yn Fryslân.

De ûntuchtige hannelings waarden dien op it momint dat de froulju yn ´e iepenloft pissen. De fertochten makken de ferljochting fan de mobile húskes stikken om de froulju nei bûten te lokjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)