´Aksjes skealik foar sektor´

Neffens Friesland_Foods is it rinne litten fan molke skealik foar de sektor en is it foar gjinien goed.
Boeren lieten woansdei de molke rinne út protest tsjin de lege molkprizen. By Rinsumageast is 54.000 liter molke oer it lân útriden. Neffens Dutch Dairymen Board DDB dogge hûnderten boeren yn Fryslân oan de aksjes mei. De boeren hawwe ek in produksjestop oankundige. Friesland_Foods seit dat 43 bedriuwen oanjûn hawwe dat de molke net ophelle hoecht te wurden.