Boeren litte molke rinne

Op ferskate plakken yn Fryslân litte de boeren woansdei de molke rinne. Dat dogge se út protest tsjin de yn harren eagen te lege molkpriis. De lanlike aksje fan ´e boeren wurdt koördinearre troch de Dutch Diarymen Board, de DDB.
De boeren litte de molke net ophelje troch de tankauto´s. Ynstee dêrfan litte se tûzenen liters molke op it boerelân of yn de jarreput streame. Lanlik binne der by de DBB sa´n 4000 boeren oansletten. Sy binne goed foar in tredde part fan ´e molke.