Dronken autorider opsletten

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdei in ynwenner fan Boalsert fêstset, omdat er him op it plysjeburo agressyf gedroech. De man wie meinommen nei it buro om in blaastest te dwaan, neidat er mei syn auto tsjin in wenhûs riden wie. Dat wie yn de Muntstrjitte yn syn wenplak. De auto rekke dêrby swier skânsearre.
Ut de blaastest die bliken dat er te folle dronken hie. De man moast dêrom syn rydbewiis ynleverje. Hy sit noch fêst.