Fervefabryk Snits sloopt

Sloop Flexafabryk Snits begûn(argyffoto)
It eardere fervefabryk Flexa yn Snits wurdt sloopt. Wenningstifting De_Wieren is tiisdei út_ein_set mei it delheljen fan it gebou oan de Toppenhuzerwei. It fabryk moat de kommende twa jier plakmeitsje foar in parkearterrein en goed trijehûndert wenten.
De doarren fan it bedriuw binne ferline jier sletten. It fervefabryk hat 102 jier lang bestien. Yn de topjierren waard der 10 miljoen liter ferve jiers makke.