Hans Visser assistint by Genk

27 maaie 2008 - 17:58

Assistint-trainer fan Hearrenfean Hans Visser wurdt assistint by it Belgyske Genk. Hy tekent dêr in kontrakt foar ûnbepaalde tiid. Visser wie de ôfrûne twa jier assistint fan Gertjan_Verbeek. Yn Genk wurdt Visser de rjochterhân fan trainer Ron_van_Geneugden.

Mei Visser is hast de hiele stêf fan Verbeek earne oars ûnderdak. Earder waard al bekend dat syn oare assistint Alex_Pastoor mei giet nei Feijenoord. Dat jildt ek foar herstel- en krêfttrainer Björn_Rekelhof.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)