Hege Japanner yn Snits

27 maaie 2008 - 17:44

De gemeente Snits krige tiisdei besite fan Tadahiro_Yoshida, de presidint fan ritsfabrikant YKK. Yoshida komt op fersyk fan boargemaster Brok nei de stêd. YKK hat sûnt 1964 in festiging yn Snits en wie dêrmei it earste Japanske bedriuw yn Nederlân.

De haadfestiging stiet yn Kurobe, in stêd dêr´t Snits freonskipsbannen mei hat. Op it program stiet ûnder oare in optreden fan de Snitser Skotsploech, in taspraak en in Kurobe-eksposysje yn it gemeentehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)