Yad Vashem-ûnderskieding

© Omrop Fryslân
Douwe van Dijk en syn frou Trijntje van Dijk-Tuininga, foarhinne fan Ternaard, krije postúm de Yad Vashem- ûnderskieding fan de steat Israël.
De famylje Van Dijk hat yn de Twadde Wrâldoarloch it joadske famke Fientje Marcus út Swol yn 'e hûs naam, doe't se ûnderdûke moast foar de Dútske besetter. It famke hat mear as in jier by harren thús wenne oan de Nesserwei. Dêrneist sieten Douwe en syn frou yn it ferset en holpen se ek oaren oan ûnderdûkadressen.