Stellen fytsen by Kringloop

27 maaie 2008 - 12:36

Fan fytsen dy't te keap stean by de omrinwinkel yn Ljouwert is faak net bekend wêr't se weikomme. De kringloop krijt jierliks in grut tal fytsen fan de gemeente dy't komme fan opromaksjes bygelyks by it statsjon.

As dêr in fyts ferkeard parkeard stiet, wurdt er nei ferrin fan tiid meinaam. De eigner hat dan noch trije moanne om de fyts op te heljen. As dat net bart, giet er nei de 'kringloop'. As der in oanjefte is, wurdt de fyts lykwols wol as stellen registrearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)