Undersyk tiden stedskantoar

26 maaie 2008 - 23:10

Ljouwert sil fan 't hjerst ûndersykje oft de iepeningstiden fan it stedskantoar oanpast wurde moatte foar minsken dy't wurkje en dêrby foar bern soargje. Ljouwert is ien fan de acht gemeenten yn Nederlân dy't ûndersiket of der ferlet is fan tsjinstferliening bûten de gewoane kantoartiden.

It ûndersyk wurdt dien yn it ramt fan it 'koploperconvenant tijdbeleid', dat de gemeenten moandei ûndertekene ha. Ek minister Plasterk fan Ynlânske Saken wie dêrby.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)