Presidint YKK nei Snits

26 maaie 2008 - 20:18

De gemeente Snits krijt tiisdei presidint Yoshida fan ritsefabryk YKK op besite. YKK hat syn haadfêstiging yn it Japanske Kurobe, mar it fabryk sit sûnt 1964 ek yn Snits.

De presidint wurdt middeis op it stedhûs ûntfongen troch boargemaster Brok. Ek is der in optreden fan de Snitser Skotsploech. Neist de presidint komme ek de Europeeske en Nederlânske direkteur mei by de besite.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)