Havendagen wol 150.000 minsken

26 maaie 2008 - 19:51

De organisaasje fan de Fryske Havendagen yn Harns rekkent op 150.000 besikers. It evenemint begjint op tongersdei 5 juny en duorret fjouwer dagen. By de earste edysje yn 2003 kamen ek 150.000 minsken.

De Havendagen hawwe de Baltyske Steaten en Skandinavië as tema. It programma bestiet út nautyske, kulturele en ekonomyske ûnderdielen. Sa komme der mear as 250 skippen, binne der ferskate foarstellings en is der in ynternasjonaal kongres.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)