Foarstel better smookferbod

26 maaie 2008 - 17:54

It kommende smookferbod yn de hoareka giet lang net fier genôch om minsken fan it smoken ôf te krijen. Dat fynt de lanlike Vereniging van Longartsen.

Twa longartsen út Beverwyk ha fiergeande foarstellen dien om minsken it smoken te behinderjen. Sa soe tabak trije kear sa djoer wurde moatte en mei der net mear op it skoalplein smookt wurde. Fryske smokers fine de plannen mar neat. Ek pomphâlders binne net sa wiis mei dizze foarstellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)