Spilers op proef by Cambuur

26 maaie 2008 - 17:52

SC_Cambuur test yn de lêste oefenwedstriid fan dit seizoen (tsjin HSC út Den Helder) fjouwer mooglike nije spilers. It giet om Omar_Boukhari, Jan_Smit, Pier_Tol en Robbert_te_Loeke. Boukhari is in rjochterferdigener en spilet op dit stuit yn de Spaanske Segunda Division.

Smit en Tol binne beide oanfallers en spylje by de amateurtak fan FC_Volendam. Te_Loeke is in keeper dy´t op dit stuit de tredde keeper by it Dútske Werder_Bremen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)