Popronde yn berop Plasterk

© Omrop Fryslân
De Popronde giet yn berop tsjin de beslissing fan minister Plasterk om de Popronde gjin jild mear te jaan. Neffens de minister is de Popronde in 'te prille' en 'te smelle' organisaasje dy't te min docht oan talintûntwikkeling.
As it festival gjin subsydzje krijt, kin it festival net mear hâlden wurde. Sûnt twa jier komt it reizgjende popfestival ek yn Ljouwert. Dêrneist dogge der faak Fryske bands mei.