Klaslokaal ûnder wetter setten

26 maaie 2008 - 10:32

Fandalen hawwe sneontenacht in klaslokaal fan basisskoalle De Bron yn Damwâld ûnder wetter setten.

Op it skoalplein skopten se in kraan stikken. Dêrnei hawwe se de buis nei binnen skood. Ien fan de lokalen kaam dêrtroch blank te stean. Omwenners hawwe al it wetter sneintemoarn opsûge. It lokaal koe moandeitemoarn wer gewoan brûkt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)