Stellerij út wenning Balk

25 maaie 2008 - 14:43

De plysje ûndersiket stellerij út in wenning oan de Tribune yn Balk. Sneon oan it begjin fan de middei trof de bewenster (81) in foar har ûnbekende man oan yn de húskeamer fan har appartemint.

De man frege de bewenster oft se jild wikselje koe. Nei't se dat dien hie, gong de man wer fuort troch in iepensteande balkondoar. Even letter ûntduts de frou dat út in beurs wat paskes en in bedrach fan inkelde tsientallen euro's misten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)