Tredde 'Multicultifestival'

25 maaie 2008 - 13:07

It tredde 'Multicultifestival' wurdt op sneon 7 juny organisearre yn it sintrum fan It Hearrenfean. Oan it festival dogge tal fan bands en dûnsgroepen mei ferskate kulturele achtergrûnen mei.

Ek binne der kreamen mei produkten en artikels út ferskate lannen, lykas muzykynstruminten en boeddha's. Turkske froulju bakke bôle en der is ek in stand mei kulinêre hapkes út it fiere Easten. Rapper Remon ferrast it publyk mei in multykultyrap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)