Kontrôles op it wetter begûn

Previntive kontrôles op it wetter soargje derfoar dat minder boatsjefarders yn oertreding binne. Dat is de ûnderfining fan groepssjef Emmy van der Henne fan de plysje yn Snits. Op de Hegemermar wie sneon de earste grutte kontrôle fan dit jier.
De kontrôles binne neffens de plysje hurd nedich omdat der hieltyd mear boaten en hieltyd mear ferskillende soarten boaten op de Fryske wetters binne. Der wurdt kontrolearre op ûnder oare alkoholgebrûk en faasje.