Drachtster Boys net omheech

© Omrop Fryslân
Fuotbalferiening Drachtster Boys is der sneontemiddei net yn slagge om haadklasser te wurden. Yn de finale fan de neikompetysje wie de nûmer tolve fan de sneonshaadklasse A, Ter Leede út Sassenheim, mei 2-0 te sterk.
Op it fjild fan Flevo Boys yn Emmeloard wie Drachtster Boys yn de earste helte fan slach en naam de ploech út Sassenheim in 2-0 foarsprong. Nei it skoft wie it spul fan de Boys better en kamen der kânsen, mar gjin doelpunten.