Mear jild foar gedogen guozzen

boeren wolle mnear jild foar it gedogen fan guozzen
Der moat in hegere fergoeding komme foar boeren dy't guozzen talitte op har lân. Guon boeren sizze dat se fallyt geane as der neat feroaret. Dat ha de boeren freed oanjûn op in byienkomst oer it guozzegedoochbelied.
De jûn wie organisearre troch de CDA-steatefraksje. Hieltyd mear guozzen oerwinterje yn Fryslân en dat soarget foar in soad skea, trochdat se it gers opite en ûnderskite. De fergoeding moat omheech om't de guozzen langer yn Fryslân bliuwe.