Bermbrân probleem foar trein

De stoomtrein dy't sneon tusken Snits en Starum ried, is yn de problemen kommen troch in bermbrân. Dy hie de trein nei alle gedachten sels feroarsake, troch hite koalen dy't út de lokomotyf fallen wiene. Fan de brânwacht mocht de trein fanút Snits net fierder ride as Koudum.
Ein fan de middei mocht de trein wer fierder om't it fjoer út wie. Snein sil de stoomtrein opnij trije kear ride tusken Snits en Starum.