't Nijlân wol promoasje

© Omrop Fryslân
Tennisklub 't Nijlân út Ljouwert kin snein foar it earst yn de histoarje as Fryske ploech promovearje nei de earste klasse. It kin hast net mear mis gean foar it mingde team. Der moat allinnich noch efkes wûn wurde fan Kampen. Nûmer twa op 'e ranglist, TAM út Grins, spilet de kompetysje út mei it twadde team.
Slagget it snein net, dan folget nije wike op it eigen tennispark in nije kâns.