Boaten op stroom hawwe takomst

© Omrop Fryslân
Boaten dy't farre op stroom hawwe de takomst yn Fryslân. Elektryske boaten binne better foar it miljeu en goedkeaper yn it ferbrûk. De provinsje en ferskate merkpartijen binne optimistysk oer de takomst fan de stille boaten. Dat die freed bliken by de iepening fan de earste skipswerf fan elektryske boaten yn Heech.
By de iepening fan it bedriuw mei de namme De Stille Boot, wie ek in diskusje oer it stimulearjen fan duorsume enerzjy op it wetter.